Jong SC Hearrenfean wint Fryske beloftederby yn Ljouwert

Jong SC Hearrenfean hat moandeitejûn de Fryske beloftederby tsjin Jong SC Cambuur wûn. Yn it Cambuurstadion waard it 4-2 foar de Feansters.
Achraf Akhamrane en Jan Ras © www.orange-pictures.nl
Cambuur iepene de skoare mei in doelpunt fan Issa Kallon. Goed tsien minuten letter makke Jan Ras fan SC Hearrenfean de lykmakker. Mei de 1-1-stân sochten de ploegen de klaaikeamer op.
Hearrenfean kaam yn de twadde helte op 2-1 troch Pelle van Amersfoort en fiif minuten letter skoarde Van Amersfoort wer (3-1). Yn de 70ste minút fersulvere Feanster Jordy Bruijn in strafskop: 4-1 foar Hearrenfean. Troch in eigen goal fan Julius Magnusson die Cambuur noch wat werom, mar fierder as 2-4 kamen de Ljouwerters net.