IFKS-wedstriid by Heech: meardere protesten, Zwaga freget weriepening oan
De IFKS-silerij by Heech fan moandei wie in enervearjende wedstriid dêr't in soad yn barde. De skiedsjochter hie protesten yntsjinne tsjin trije skûtsjes. Dêrfan is ien skûtsje straft: De Waaksdom fan De Jouwer mei skipper Ulbe Zwaga. De oare skûtsjes dy't in protest oan de broek krigen wiene de Emanuel fan De Lemmer fan skipper Merijn Olsthoorn en de Striidber fan Drylts fan Siebo Zijsling.
Zwaga leit him der net by del
De Waaksdom fan Ulbe Zwaga waard straft foar in situaasje by de boppeste tonne. Dêrfoar kriget Ulbe Zwaga it maksimumtal punten (17). Skipper Ulbe Zwaga hat fuortendaliks in fersyk ta weriepening fan de saak oanfrege. Tiisdei wurdt in beslút naam oer weriepening fan de saak.
Averijsituaasje
Fierders tsjinne skipper Jaap Hofstee fan it skûtsje It Swarte Wief fan De Tynje in protest yn tsjin De Wylde Wytse fan skipper Sikke Heerschop. Dat wie fanwege in situaasje yn de westriid tsjin dy't late ta averij wêrnei't It Swarte Wief net mear meisile koe. De sjuery hat besluten dat de Wylde Wytse straft wurde moat mei it maksimumtal punten fan 17 foar in wedstriid. It Swarte Wief kriget foar dizze wedstriid it gemiddelde tal punten fan trije wedstriden, te witten dy fan sneon, tiisdei en woansdei.
Bemanningslisten
De Eelkje II út Heech fan skipper Jeroen de Vos krige trije ekstra strafpunten omdat de bemanningslisten net doogden.