Swimaksje Maarten van der Weijden bringt 2.511.302 euro op foar it KWF

20 aug 2018 - 19:51
Huldiging Maarten van der Weijden by de Aldehou - Foto: ANP

Tûzenen minsken kamen moandeitejûn nei it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert by it bekend meitsjen fan de opbringst fan de swimaksje fan Maarten van der Weijden. De aksje smiet oer de 2,5 miljoen euro op.

Maarten van der Weijden en premier Mark Rutte - Foto: ANP

De hiele dei wie it hiele lân yn de ban fan de swimalvestêdetocht fan Maarten van der Weijden. Hy moast it opjaan nei 163 kilometer yn 55 oeren. De bewûndering wie der net minder om. Premier Rutte fûn de beneaming 'held' te lyts foar Van der Weijden: "Held is een te klein woord een Reus is hij." Van der Weijden krige út hannen fan Mark Rutte in spesjaal Alvestêdetochtkrúske.

Waarme ûntfangst fan Maarten van der Weijden - Foto: ANP

Harkje nei bydrage 1

Harkje nei bydrage 2

Wat fynt it publyk by de Aldehou fan de prestaasje fan Maarten van der Weijden?

(advertinsje)
(advertinsje)