CDA wol mear dúdlikheid oer fergunnings Iselmarfiskerij

20 aug 2018 - 18:44

Steateleden fan it CDA wolle dat de provinsje Fryslân mear dúdlikheid jout oer fergunnings foar de Iselmarfiskerij. Fiskers op de Iselmar moatte alle jierren in nije fergunning oanfreegje. Dit jier giet it fergunningsproses oars as oare jierren. Sa soe de provinsje Fryslân tsientallen fergunningsoanfragen trochstjoerd hawwe nei de provinsje Flevolân, om't de fiskers ek op it Markermar fiskje soenen.

Fiskerij - Foto: Shutterstock.com

Flevolân wiisde dy oanfragen letter ôf, mar úteinlik waard der dochs noch in fergunning ôfjûn foar in pear moannen. It CDA wol no dat de provinsje dúdlikheid jout wêorm't de provinsje de oanfragen trochstjoerde.

Ek moat der mear dúdlikens komme oer wêr't de fiskers al en net fiskje meie. Fierders soe der in dúdliker servicepunt wêze moatte dêr't fiskers harren melde kinne foar har fergunningsoanfragen. It CDA freget de provinsje om te ûndersykjen oft fergunnings foar Iselmarfiskerij ek foar meardere jierren ôfjûn wurde kinne.

(advertinsje)