Folchskip IFKS leit oan de grûn yn akwadukt Wâldsein

Folchskip de Koh-ï-Noor dat meifart mei de Iepen Fryske Kampioenskippen skûtsjesilen, leit fêst yn it akwadukt by Wâldsein. It skip heart by it IFKS-skûtsje Ut de Striid fan Jacob Huisman.
IFKS-folchskip oan de grûn yn akwadukt Wâldsein © Omrop Fryslân, Jitze Alle de Vries
Skipper Frans Kochx fan de Koh-ï-Noor seit dat er gjin kant mear op kin. It skip hat tefolle djipgong foar it akwadukt. It leit yn de farrjochting, dus net dwersoer. Oare skippen kinne der noch wol del.
It akwadukt leit oer de provinsjale dyk N928 hinne. In meiwurker fan Provinsjale Wettersteat hat in sleepboat komme litten om it skip fuort te heljen. Dat sil nei alle gedachten moandeitejûn wol klear wêze. Dûkers besjogge tiisdei oft der ek skea is oan it akwadukt.
Akwadukt Ie, by Wâldsein © Google Streetview