Offaloven REC yn Harns pear dagen bûten gebrûk

De ôffaloven fan Harns is al in pear dagen net yn gebrûk. De REC sette de oven freedtemoarn út, nei't der in lek yn in tsjettel konstatearre waard. Op dit stuit wurdt it lek reparearre. Planning is dat de oven tiisdei wer yn gebrûk naam wurdt. Neffens in wurdfierder fan de REC binne de gemeente Harns, provinsje en de FUMO op de hichte steld fan it lek. Der soe gjin gefaar foar de omjouwing west hawwe.
De ôffaloven yn Harns © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Der binne faker steurings by de REC. Begjin july kaam de gemeenteried fan Harns mei in moasje foar ûnôfhinlik ûndersyk nei mooglike sluting fan de ôffalferwurker yn Harns.