Fryske sloep sinkt yn Delfsyl

De sloep fan in echtpear út Fryslân is moandeitemoarn sonken yn Delfsyl. Dat barde nei't de boat tsjin in ôfbrutsen peal botst wie, dy't ûnder wetter stie. De peal gie dwers troch de sloep hinne.
De sloep mei it gat deryn © De Vries Media
De sloep sakke nei de botsing rap djipper yn it wetter en sonk. It echtpear koe der noch krekt wat guod ôf helje, mei help fan minsken dy't it ûngelok seagen. De sloep is moandeitemiddei burgen.