Maarten van der Weijden-feest jûn live by Omrop

Nei mear as 160 kilometer swimmen moast Maarten van der Weijden moandeitemiddei syn Alvestêdeswimtocht opjaan. Dat wol net sizze dat yn it finishplak Ljouwert moandeitejûn net in grut feest is om dy geweldige prestaasje te fieren.
Maarten van der Weijden-feest jûn live by Omrop
It feestlike programma giet gewoan troch en Omrop Fryslân docht dêr op 'e radio ferslach fan. Op telefyzje is by Omrop Fryslân fan 19.00 oere ôf it live-telefyzjeprogramma te sjen dat de NOS makket.
© 11stedenzwemtocht.nl
Yn it programma wurdt ek bekend makke hoefolle jild oft Maarten mei syn meunstertocht ophelle hat foar kankerûndersyk. Maarten sil sels by de huldiging oanwêzich wêze. Dat wie earst ûnwis om't er, nei't er opjûn hie, nei it sikehûs brocht wie foar ûndersyk. Mar no is der dochs grien ljocht jûn.