Skûtsje Drie Gebroeders wint mei oermacht yn Heech

20 aug 2018 - 16:04

De deiwinst fan it IFKS skûtsjesilen by Heech is moandei nei it skûtsje de Drie Gebroeders fan De Gordyk gien. Skipper Arend Wisse de Boer en syn bemanning pakten de oerwinning mei in grutte foarsprong fan hast fiif minuten op de nûmers twa en trije.

"We hienen in hartstikke moaie start en wienen as earste by de tonne", seit skipper De Boer fan de Drie Gebroeders. "We ha de foarsprong pakt en net mear út hannen jûn."

It Makkumer skûtsje De Zes Gebroeders fan skipper Klaas Kuperus kaam as twadde oer de streek nei in spannende striid mei de Jonge Jasper út Frjentsjer fan skipper Froukje Osinga, dy't tredde waard.

Waaksdom

Skipper Ulbe Zwaga kaam yn de einfaze fan de wedstriid sterk werom mei it Jouster skûtsje Waaksdom. Fan it njoggende plak klom er op en finishte úteinlik as fjirde. Fiifde waard Tony Brundel mei de Lytse Lies fan De Gaastmar.

Protesten

De útslach is noch net hielendal definityf, want der binne noch in oantal protesten dy't útfochten wurde moatte. Hjir binne de Waaksdom fan Ulbe Zwaga, de Emanuel fan Merijn Olsthoorn en de Striidber fan Siebo Zijsling by belutsen.

Averij

It skûtsje It Swarte Wief fan skipper Jaap Hofstee moast healweis it wedstriidfjild ferlitte troch averij.

Online stjoert Omrop Fryslân it skûtsjesilen live út, mei op de radio kommentaar fan Andor Faber en Gjalt de Jong en op de livestream dogge Koos Wieling en Eelke Dykstra dat. Yn Fryslân Hjoed is jûns in analyze fan de wedstriid te sjen. En om 21.00 oere is der in wiidweidich ferslach op TV.

Trefwurden: 
skûtsjesilen IFKS Heech
(advertinsje)