LIVE: Folgje it IFKS skûtsjesilen yn Heech

20 aug 2018 - 14:47

Yn Heech wurdt moandei wer syld mei de skûtsjes fan de IFKS. De wedstriid fan de A-klasse gie snein net troch by Starum. Fanwege de hurde wyn en benammen de weagen op de Iselmar waard besletten om net fan start te gean. Dizze wedstriid wurdt woansdei ynhelle yn Ychtenbrêge.

It skûtsje Grutte Pier fan skipper Lucas Bouma fan Jorwert hat sneontemiddei de earste wedstriid fan de IFKS wûn. Op de Iselmar by Hylpen bleaune Bouma en bemanning de nûmer twa, it skûtsje Striidber fan Drylts, foar.

It tredde plak by de earste wedstriid fan de Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen gie yn earste ynstânsje nei skipper Fonger Talsma fan De Jonge Jan út Warten. De Jonge Jan ferlear lykwols in protest en sakket mei 17 punten werom yn it klassemint. De Wylde Wytse fan Sikke Heerschop pakte dêrmei it tredde plak by Hylpen.

Online stjoert Omrop Fryslân it skûtsjesilen live út, mei op de radio kommentaar fan Andor Faber en Gjalt de Jong en op de livestream dogge Koos Wieling en Eelke Dykstra dat. Yn Fryslân Hjoed is jûns in analyze fan de wedstriid te sjen. En om 21.00 oere is der in wiidweidich ferslach op TV.

Trefwurden: 
skûtsjesilen IFKS Heech
(advertinsje)