Slachtoffers witte fan neat: rjochtsaak tsjin Frjentsjerter útsteld

20 aug 2018 - 14:46

De rjochtbank yn Grins moast in rjochtsaak tsjin in 69-jierrige man út Frjentsjer moandei útstelle, om't de fiif Fryske slachtoffers fan neat wisten. Slachtoffers hawwe it rjocht om yn de rjochtseal wat te sizzen of om in skeafergoeding te freegjen.

Justysje - Foto: Shutterstock.com

Foar de behanneling fan de strafsaak wie in heale dei útlutsen. De man út Frjentsjer wurdt fertocht fan PGB-fraude. It giet om in bedrach fan 370.000 euro. Tusken 2014 en 2016 kamen oanjeftes binnen fan fiif minsken, dy't seine dat de man fraudearre mei it persoansbûn budzjet. Se hiene de man sels oansteld as adviseur.

Sagau't de slachtoffers op de hichte brocht binne, wurdt in nije datum socht. De saak sil dan yn Ljouwert behannele wurde.

(advertinsje)