Maarten van der Weijden hâldt op, mar it feest giet wol troch

It feestlik programma foar de oankomst fan Maarten van der Weijden yn Ljouwert giet gewoan troch, dat meldt de organisaasje. Hy is siik wurden en koe de swimalvestêdetocht net ôfmeitsje.
© Martie van der Veer
Op it Aldehoustertsjerkhôf is fan seis oere ôf muzyk, fan Frans Bauer, Ilse de Lange en Vangrail.
Maarten van der Weijden soe der sels ek komme, sa wie de bedoeling. Mar dat hinget no ôf fan hoe't er him fielt. Hy hat earder op moandei sein dat er graach by it feestprogamma wêze wol, om alle minsken dy't him stipe en holpen ha betankje te kinnen.