Steuring fan Kabelnoord op Skiermûntseach is foarby

De steuring fan Kabelnoord op Skiermûntseach is oer. Dat meldt in wurdfierder fan it kabelbedriuw. Sûnt sneon sieten de goed tûzen abonnees fan it kabelbedriuw op it eilân sûnder ynternet, telefoan en telefyzje.
Glêsfezel ynternet © Shutterstock.com
Oarsaak wie in breuk yn de kabel fan KPN dy't tusken it eilân en de fêste wâl leit. KPN hat no it sinjaal omlaat fia Lauwerseach. Nei in koarte test hat Kabelnoord alles om twa oere wêr oansletten.
De steuring soarge benammen by guon winkels en hoareka foar oerlêst om't der net pind wurde koe en om't der gjin reservearrings makke wurde koene.