Foar Joop Mulder kaam mei de Reuzen yn Ljouwert in dream út

20 aug 2018 - 14:12

Mei de komst fan de Reuzen fan it selskip Royal de Luxe nei Ljouwert kaam foar Joop Mulder in dream út. Jierrenlang besocht hy om de Reuzen nei it Skylger Oerolfestival te heljen. Dat slagge net, om't it festival te lyts wie. Mar de kontakten tusken Mulder en Royal de Luxe bleaune.

Joop Mulder - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Joop Mulder oer de Reuzen

Doe't bekend waard dat Ljouwert meidwaan woe yn de race om kulturele haadstêd te wurden, hat Mulder fuortendaliks sein dat de Reuzen yn it programma opnaam wurde moasten.

Mulder sjocht mei in soad wille werom op it wykein: ''Leeuwarden werd een stad van de verbeelding, de stad was eigenlijk één groot Oerol. We waren even een wereldstad.''

(advertinsje)
(advertinsje)