Groothuis wint 1000 meter

05 nov 2011 - 15:36

Stefan Groothuis hat sneon de 1000 meter wûn op it NK ôfstannen yn Thialf. Syn tiid wie 1.08.68. It sulver gie nei Sjoerd de Vries fan Twellingea yn 1.09.15. It wie foar De Vries it earste poadiumplak by de senioaren. It brûns wie foar Kjeld Nuis yn 1.09.50. Michel Mulder waard fjirde en Pim Schipper waard op it iis fan Thialf fiifde. Foar Groothuis wie it de tredde kear dat er de titel pakte op de 1000 meter.

(advertinsje)