Maarten van der Weijden hâldt op mei swimalvestêdetocht en giet nei sikehûs

It is klear foar Maarten van der Weijden. Hy lei al sûnt sneontemoarn 4:15 oere yn it wetter foar de swimalvestêdetocht fan 200 kilometer, mar hy hat Ljouwert net helle.
© Casper van Aggelen
Van der Weijden hie moandei yn in fideoboadskip al sein dat hy yn elts gefal Dokkum helje woe. Dat is net slagge: krekt nei Burdaard moast hy opjaan. Van der Weijden is siik wurden en op advys fan de dokter is hy no ophâlden.

'Zoutbalans'

"Achterliggende reden is een verstoorde zoutbalans in het lichaam van Maarten", seit de organisaasje. "Door misselijkheid kon Maarten ook geen medicijnen binnen houden. Bovendien was hij in het water in slaap gevallen."
Van der Weijden giet foar ûndersyk nei it MCL yn Ljouwert. Der binne gjin medyske problemen dy't net oplost wurde kinne.
Van der Weijden soe moandei oan it begjin fan de jûn yn Ljouwert oankomme, mar it gie muoisumer as tocht en moandei wie al gau dúdlik dat hy net foar midsnacht by de finish wêze soe. It tempo lei earst noch op 4 kilometer yn it oere, mar dat gie moandei nei 2 kilometer.

8 ton

Der is al mear as 800.000 euro ophelle foar ûndersyk nei kanker. Dat wie it grutte doel fan de swimtocht fan Van der Weijden. Hy woe 11.000 euro ophelje. Dêr is hy dus goed yn slagge.
Maarten van der Weijden hâldt op mei swimalvestêdetocht en giet nei sikehûs