Tristan Bangma pakt wrâldbeker yn Kanada

Tristan Bangma hat in wrâldbekerwedstriid yn Kanada wûn. De 20-jierrige paralympyske sporter wûn sneintenacht de wedstriid op de tandem mei syn maat Cor van Leeuwen. De race wie yn Baie-Comeau oan de eastkust fan Kanada.
© www.orange-pictures.nl
Freed waarden se noch sânde yn de tiidrit. Bangma wûn yn 2016 goud op it ûnderdiel 1000 meter tiidrit. Begjin dizze moanne hiene se maleur mei materiaal op it WK en pakten se by de wedstriid op de dyk gjin medalje.