Arriva is tige bliid mei it reuzeferfier yn Ljouwert

20 aug 2018 - 12:54

Arriva hat it ôfrûne wykein maksimaal treinen en bussen ynset om it ûnbidich grutte tal besikers dat nei Ljouwert kaam foar de Reuzen te ferfieren. Dat is goed slagge, seit it bedriuw út It Hearrenfean.

Foto: Arriva

Der wiene mear as 400.000 minsken yn de stêd. Freedtemoarn gie it dreech doe't treinen stasjons foarbyrieden, mar dat gie gau better. Besikers fan it evenemint waarden mei it iepenbier ferfier en ek fan grutte parkearterreinen ôf de stêd yn brocht nei de Reuzen.

Mear as de helte fan de 95.000 besikers dy't freed yn Ljouwert wienen, kamen mei Arriva. Sneon wie it foar de ferfierder noch drokker mei 50.000 minsken en snein lei dat noch wer heger: 55.000.

"Ik heb met eigen ogen kunnen zien hoe mooi het evenement was, maar ook hoe hard er door onze mensen is gewerkt", seit Arriva-baas Anne Hettinga. "Ik ben zeer tevreden over het verloop en enorm trots op de enthousiaste inzet van al het personeel om bezoekers van en naar dit geweldige evenement te vervoeren."

Arriva moast sneintejûn ek noch NS helpe, omdat der in kabelbreuk wie tusken Zwolle en Meppel. Arriva hat doe tsien bussen beskikber steld.

(advertinsje)
(advertinsje)