Geart fileart #7: Alde en nije helden

20 aug 2018 - 11:53

Geert van Tuinen is keatsferslachjouwer, keatsleafhawwer én keatskritikus. Yn de searje 'Geert fileart' is net ien feilich. In pear kear yn it keatsseizoen nimt hy de keatsers, de bestjoerders of coaches op de hakke. Geert analisearret, bekritisearret en filearret de keatswrâld. Dus pas op!

Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

"It wie in apart wykein. In wykein mei grutte kontrasten. In wykein ek mei de nedige frustraasjes en lilkens. Ik skriuw it mar wer efkes fan my ôf yn Geert Fileart.

Dizze ferhaaltsjes gean altyd oer it keatsen en dat is no ek sa, al moat ik wol wat sydpaadsjes betrêdzje. It wykein begûn nammentlik mei de Reus. De Reus fan Cambuur om presys te wêzen. Emmanuel Mbende skeat de Ljouwerters yn Nijmegen yn de dying seconds nei in net mear ferwachte punt tsjin NEC. Wy meie de stimming yn it Ljouwerter kamp krekt nei de wedstriid as eufoarysk omskriuwe.

Eufoarysk wie ek it wurd as it giet oer de stimming dy't in dei letter hearske yn de stêd, doe't dy oare Reuzen foar bêst opsloegen. Ik stie derby. Stjoerder om de nekke, mikrofoan yn de hân. Tegearre mei noch sa'n 150.000 oare minsken. Ik moast myn licht fobyske aard behoarlik oan de kant skowe, mar it wie in bysûnder barren. Dy Reuzen dy pakten je wol by de strôt.

It kontrast kaam snein. Doe wie ik foar de Omrop by it haadklasse keatsen yn Kimswert.

Kimswert. It doarp fan De Helfrichs. Renommearre keatsferiening, sûnt 1897. Mar it kontrast mei de oare dagen fan it wykein koe net grutter. In plokje minsken hie de muoite naam de reis nei Kimswert te ûndernimmen. It waar wie griis en grau. It keatsen sûnder iennige foarm fan belibbing en de spanning wie yn seis fan de njoggen ferkeatste partijen ek al fier te sykjen. Je hawwe fan dy dagen dat je yn de parsetinte fan in keatspartij hielendal yn jesels weisakje en suver wat muoite hawwe om de kop derby te hâlden. Snein yn Kimswert wie sa'n dei. It wie sels sa slim dat skiedsrjochter Astrid Kooistra har mei iennige regelmaat ferbjustere ôffrege "wêr't dochs de belibbing wie". No hoecht in arbiter dy fraach net te stellen, mar it sei wol wat fan de hast mistreastige sfear dêr op it keatsfild snein. Earlik is earlik: de finale makke it noch wat goed.

Mar Kimswert. Ik haw dêr noch bylden fan op myn netflues fan it ferline. In joekel fan in feesttinte op it terrein, dêr't wol 1500 man it feest fierden. Keatsleafhawwers om de touwen, meastal wol sa'n acht- oant njoggenhûndert. Wêr binne dy minsken allegear bleaun. It wie in tryst byld snein. In protsje minsken dy't by elkoar propten yn in lyts tintsje, om de storein mar te ûntrinnen. Spitich. Seker foar de keatsferiening mei sa'n prachtige histoarje. De jonges en famkes fan it bestjoer dogge har stjonkende bêst. Dêr leit it net oan. Hoewol't it bestjoer noch mar bestiet út trije minsken, hienen sy de saken goed foarelkoar. En dan fertsjinnet dat gewoan mear publyk. Der wie ek in 'geruggie'. Nammentlik dat Kimswert der oan tocht om de haadklassepartij mar op te jaan. Krekt as Doanjum earder die. Mar doe't ik dat geroft efkes kontrolearre by it bestjoer, reagearre foarsitter Michiel de Boer ferbjustere. De bek foel him, in bytsje grof sein, iepen. "Neat fan wier. Wêr hast dat wei", sa sei hy. Geruggie Michiel. Mear net dus. Moai dat jim troch gean en ik hoopje mei jim dat de Jan Timmer Partij ta yn lingte fan dagen yn folle gloarje ferkeatst wurde mei. Mei in smite publyk.

Keatsferiening De Helfrichs hat him snein trouwens wol op in prachtige wize profilearre. Maarten van der Weijden swom de alvestêdetocht en passearre fansels ek Kimswert snein. Foar de keatsferiening oanlieding om fan it publyk in frijwillige bydrage te freegjen, dy't streekrjocht gie nei it goeie doel dêr't Van der Weijden syn monsterprestaasje foar levere: It KWF Kankerfûns. En krekt dy swimmer soe de held fan Kimswert wurde. Want as hie der in regisseur oer gear west: Van der Weijden swom de Kimswerter feart yn, krekt yn de pauze foar de finale. Selden sa'n prachtige pauze hân. Wat in held dy Van der Weijden. Ik stie oan de râne fan de feart, njonken plakgenoaten fan Maarten út Waspik. De emoasje spatte derôf. Tûzenen minsken blokkearren Kimswert om de held oan te moedigjen. Hans Wassenaar waard keatskening yn Kimswert, mar Maarten van der Weijden wie ûnmiskenber de held sneintemiddei.

Van der Weijden wurdt mei dizze prestaasje de nije held fan ús lân. Mar wy nimme yn de keatswrâld no definityf ôfskied fan in âlde held. Johannes Brandsma. Bêste keatser ea op de fjilden. Hy rekte him mei noch pear oare keatsleafhawwers noch ien kear út, om mei praktyske plannen te kommen om it keatsen wer in kontsje te jaan. 24 desimber 2017 waard in epistel yntsjinne by de KNKB, mei dêryn allerhanne ideeën en foarstellen om it keatsen te helpen. It duorre trije moanne foar it keatsbûn reagearre. Dêr wurden de mannen al net fleurich fan. En doe moast Johannes mar yn it saneamde 'Technisch Platform'. Mis fansels, want no moast Johannes meiprate oer allegear saken dêr't hy gjin sin oan hat om oer mei te praten.

Johannes en syn maten woenen konkreet saken dwaan. Hienen konkrete plannen en woenen dy ynfiere. Mar nee hear, dat wie wer ris in brêge te fier foar it KNKB. De Koninklijke Nederlandse Kan niet Besluiten Bond. Johan Okkinga luts him al earder werom út dat groepke. "Gjin tiid mear", sei Johan. Mar oh, oh, wat is hy djip frustrearre oer de letargyske hâlding fan it keatsbûn. En no lit Johannes de kop ek hingje. Brandsma is yn syn skriftlike kommunikaasje altyd koart en krêftich. Dit stie yn syn mail oan bûnsdirekteur Marco Hoekstra: "Na 9 maanden wachten is er nog niets gedaan. Johan Okkinga heeft zich al teruggetrokken uit ons groepje. Na een aantal dagen wikken en wegen volg ik hem. Bij deze trek ik mij per direct terug uit de werkgroep." Te tryst foar wurden eins. Johannes Brandsma, Johan Okkinga, Rinze Bleeker, Henk Vlietstra: allegear betûfte praktykminsken hawwe har ôfkeard fan in bûn dat de ekspertize fan dizze mannen mar net serieus nimt. Dat útblinkt yn it neat dwaan.

De Reuzen yn Ljouwert sliepten út, mar doe wie de aksje spektakulêr. Soe dat keatsbûn no noait wekker wurde?"

(advertinsje)