Steuring op Skiermûntseach probleem foar ûndernimmers

De steuring by Kabelnoord op Skiermûntseach soarget benammen by ûndernimmers foar oerlêst.
In adresbalke © Shutterstock.com
Sa kin by guon winkels en hoarekagelegenheden net mei de pin betelle wurde. Ek it boeken fan in keamer is by guon hotels op it stuit net mooglik. De pinautomaten fan de banken en by de supermerk dogge it noch wol.
Hotels en restauranten dy't troffen binne troch de steuring freegje harren klanten sa folle mooglik kontant te beteljen of se krije in rekken mei nei hûs.
De steuring duorret no al twa dagen en treft ûngefear 1000 abonnees fan Kabelnoord. Oarsaak is in kabelbreuk yn de KPN-kabel dy't nei it eilân giet. Der wurdt op dit stuit wurke oan in omlieding.