SC Hearrenfean seit 'sorry' foar fuortheljen spandoek

It bestjoer fan fuotbalklup SC Hearrenfean hat syn ekskús oanbean foar it fuortheljen fan in spandoek yn it Abe Lenstrastadion. Dat barde snein.
Op it spandoek dat neibesteanden ûnder de wedstriid tsjin Vitesse ophongen hiene, stie "rust zacht pake, vak 27 paal 8." It wie in earbetoan oan in ferstoarne man, dy't fyftich jier lang supporter fan de fuotbalklup wie. Stewards hellen it spandoek oant twa kear ta fuort om't de regels it net tastean soene.
© Marijn van der Meer
Dat is neffens de lieding fan de fuotbalklup net wier. It spandoek hie gewoan hingjen bliuwe mocht. De klup sjocht it sels ek as in prachtich earbetoan oan de ferstoarne supporter. De klup siket noch út wat der krekt bard is, mar biedt al wol syn ekskús oan by de neibesteanden. Neffens de klup meie allinnich spandoeken dy't diskriminearje of kwetse net yn it stadion ophongen wurde.