Bitekampanje útsteld en ynkoarte fanwege drûchte

20 aug 2018 - 10:31

De start fan de bitekampanje fan de Suiker Unie is in wike útsteld yn ferbân mei de drûchte. De kampanje sil ek koarter duorje as oars. De earste biten wurde no op 1 septimber nei it fabryk brocht.

Sûkerbiten - Foto: Shutterstock.com

De biten kinne troch de lettere rispinge langer trochgroeie. De Suiker Unie ferwachtet dat der 5 oant 10 prosint minder biten oanfierd wurde sille. De kampanje 2018/2019 duorret nei ferwachting 130 dagen. Dat binne 22 dagen minder as ferline jier.

(advertinsje)