Drankrider sûnder rydbewiis oanhâlden yn Ljouwert

20 aug 2018 - 09:54

De plysje yn Ljouwert hat snein in 44-jierrige drankrider út Burgum oanhâlden. De man waard op de Spanjaardsleane oan de kant set, nei't in ferkearsregeler sjoen hie dat de man frjemd ried.

Doe't de plysje de man oanspruts, sei er dat in oar riden hie. Tsjûgen sprutsen dat tsjin, wêrnei't de Burgumer oanhâlden waard. Neffens de plysje rûkte de fertochte nei alkohol. Hy wegere lykwols mei te wurkjen oan in blaas- en bloedproef. Boppedat wie syn rydbewiis ûnjildich ferklearre. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Trefwurden: 
Burgum rydbewiis drankrider
(advertinsje)