FIDEO: Tûzenen minsken yn 'e nacht op 'en paad foar Maarten van der Weijden

20 aug 2018 - 09:50

Alvestêdeswimmer Maarten van der Weijden makket hiel wat los yn Fryslân. Sels midden yn 'e nacht binne tûzenen minsken op 'en paad om de swimmer te stypjen. Hy hat it dreech, en seach ferskriklik op tsjin de 'Hel fan it Noarden', de rûte tusken Frjentsjer en Dokkum. Mei trekkers, muzyk en in soad oanmoedigingsgjalpen soarge it publyk der midden yn de nacht foar dat de 'Held fan it Noarden' wat ekstra krêft krige. Ferslachjouwer Simone Scheffer makke hjiroer de folgjende bydrage.

(advertinsje)