Minsken fan it dak rêden nei brân yn Ljouwert

20 aug 2018 - 06:39

By in wenningbrân oan de Winterakoniet yn de Ljouwerter wyk Aldlân binne fannacht om in oere of twa, twa al wat âldere minsken rêden fan it dak fan harren hûs.

Foto: Nick den Boer

De brân begûn yn harren keuken, wêrnei't sy nei de souder flechte binne. Dêrnei binne sy it dak opgien wêr't de brânwacht sy mei in heechwurker fuorthelle hat. Omdat sy beiden reek binnen krigen hawwe, binne sy nei it sikehûs ta brocht.

Twa huzen oan wjerskanten binne ûntromme en der is sjoen oft der ek fentileard wurde moast foardat de bewenners der wer yn koene. Nei alle gedachten wennen dêr mei inoar twa persoanen. Ien buorman is ek nei it sikehûs brocht omdat hy ek reek binnen krigen hie.

De brân is mei de heechwurker en twa tankautospuiten hiel flot ûnder kontrôle brocht. Salvage is ynskeakele om de bewenners fan it troch brân troffen hûs te helpen mei de skea.

Trefwurden: 
Ljouwert brân
(advertinsje)