Maarten van der Weijden swimt wer nei swiere nacht

20 aug 2018 - 06:29

Swimmer Maarten van der Weijden is Froubuurstermolen foarby. Hy is no krekt oer de helte fan Harns nei Dokkum.

Foto: Kappers Media

Van der Weijden hat moandeitemoarn efkes sliept. Hy hat op 'e nij in swiere nacht hân, nettsjinsteande de manmachtige stipe ûnderweis fan Friezen. By de rûte del stiene boeren mei trekkers om de swimmer by te skinen. De brânwacht wie der ek by. Tûzenen minsken stipen Van der Weijden by syn swimtocht, op wei nei Dokkum.

Hy hie sels hiel bot opsjoen tsjin dit stik. Yn de buert fan Frjentsjer en yn Berltsum waard fjoerwurk ôfstutsen en der spile in blaaskapel. Om twa oere yn de nacht fan snein op moandei is Van der Weijden mei in spesjale takel troch de slûs by Wier loadst. Mei syn Alvestêdetocht sammelet Van der Weijden jild yn foar de striid tsjin kanker.

"Deze tweede nacht verliep een stuk soepeler dan zijn eerste", seit in wurdfierster fan de swimmer. "Er stonden ontzettend veel mensen langs het water. En er was geen brug waarop hij niet werd toegejuicht. Maarten heeft drie keer kort geslapen. Twee keer een kwartier en een keer vijf minuten. Veel langer rusten wil hij niet, want dan komt hij in een slaapmodus terecht en wordt het moeilijk weer op gang te komen."

Dokkum

Neffens it oarspronklike skema soe Van der Weijden moandei om 7:30 oere hinne yn Dokkum oankomme. Dat wurdt in pear oeren letter troch de fertraging dy't er oprûn hat op it earste stik fan de swimtocht.

(advertinsje)