Gjin ferwûnen by brân yn Ljouwert, trije katten rêden troch brânwacht

19 aug 2018 - 21:23

De brânwacht moast sneintejûn útride foar in brân yn 'e Beukenstraat yn Ljouwert. It wie in koarte en fûle brân, mar der binne gjin minsken ferwûne rekke. De bewenster koe op 'e tiid út de wenning helle wurde. Der wiene by de wenning ek noch trije katten binnen, dy binne troch de brânwacht feilich út it gebou helle.

It is noch net bekend hoe't it fjoer krekt ûntstean koe.

Foto: Robert Jan Boonstra
Trefwurden: 
Ljouwert brânwacht brân
(advertinsje)