Protest tsjin De Jonge Jan hanthavene, strafpunten Heech skrast

19 aug 2018 - 19:28

It skûtsje De Jonge Jan fan skipper Fonger Talsma bliuwt nei de wedstriid fan sneon bestraft mei santjin punten. De saak oer it protest fan sneon wurdt troch de wedstriidlieding net weriepene. Dat betsjut dat De Jonge Jan fan Warten ûnderoan it klassemint hingjen bliuwt.

De trije strafpunten foar it skûtsje Ora et Labora fan skipper Sietse Broersma wurde wol kwytskolden. Dy krige Broersma oan 'e broek om't er syn bemanningslist net ynlevere hawwe soe. Dat wie lykwols wol it gefal, mar troch in fersin fan de wedstriidlieding wie dat net bekend.

Trefwurden: 
skûtsjesilen IFKS protest
(advertinsje)