Enno Kingma-en-dy winne keatserij yn Kimswert

Keatsers Enno Kingma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar hawwe sneintejûn it haadklassekeatsen yn Kimswert wûn. Yn in spannende finale wiene Kingma-en-dy better as Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra: 5-5 en 6-4.
Tjisse Steenstra
De tredde priis yn Kimswert gie nei it partoer fan Johan van der Meulen, Pieter Jan Plat en Sjoerd de Jong. Van der Meulen wie ynfallen foar Marten Bergsma.
Hans Wassenaar

Generale Frouljus PC

Yn Akkrum waard snein de generale foar de Frouljus PC holden. De earste priis gie dêr nei Nienke Sijbrandij, Wiljo Sijbrandij en Marrit Zeinstra. Sy fersloegen yn de finale Elly Hofman, Marte Altenburg en Martzen Deinum mei 5-2 en 6-4. Tredde waarden Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra.