Sportklup Hearrenfean spilet lyk tsjin Vitesse

19 aug 2018 - 18:40

Sportklup Hearrenfean hat sneintejûn yn it Abe Lenstra Stadion lykspile tsjin Vitesse. Op It Hearrenfean einige de wedstriid nei in spannende slotfaze yn 1-1.

Yn de 27ste minút sette Michel Vlap de Feansters op foarsprong. Pierie brocht de bal foar, wêrnei't Vlap binnen kopte: 1-0. Nei it skoft like Hearrenfean lange tiid op 'e oerwinning ôf te gean. Yn 'e 81ste minút koe Vitesse lykwols de 1-1 meitsje.

Tim Matavz kopte de bal fia de ûnderkant fan 'e latte binnen. Yn de spannende slotfaze kamen sawol Vitesse as Hearrenfean noch ticht by in doelpunt, mar de bal gie der net mear yn.

SC Hearrenfean - Vitesse 1-1 (1-0) 27. Michel Vlap 1-0, 81. Tim Matavz 1-1.

Opstelling Hearrenfean: Hahn, Woudenberg, Hoegh, Bulthuis, Pierie, Kobayashi, Kongolo, Vlap (80. Van Amersfoort), Mihajlovic (73. Bruijn), Lammers, Zeneli (59. Rienstra).

(advertinsje)