Steuring: Skiermûntseach al in dei sûnder ynternet, telefoan en telefyzje

19 aug 2018 - 15:42

Minsken dy't op Skiermûntseach wenje hawwe sûnt sneontemiddei gjin telefyzje, radio, ynternet of telefoan. Dat komt troch in steuring. Abonnees fan Kabelnoord kinne dêrom noch hieltyd gjin gebrûk meitsje fan harren abonneminten.

De fjoertoer fan Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

It probleem is neffens Kabelnoord in glêsfezelbreuk yn 'e oanfier nei it eilân. De ferbining troch de Waadsee is fan KPN. De behearder is dwaande mei herstelwurksumheden. It kin neffens KPN noch wol oant tiisdei duorje foardat alle problemen oplost binne.

Neffens eilânbewenners soe de kabel dy't de oanfier nei Skier fersoarget, rekke wêze troch in baggerskip.

(advertinsje)