Advys gemeente: nim it iepenbier ferfier nei de Reuzen

19 aug 2018 - 14:47

De gemeente Ljouwert warskôget op Twitter dat de diken nei Ljouwert fol rinne mei ferkear. Yn Ljouwert is niiskrekt de lêste tocht fan de Reuzen begûn. Dy rinne fan it WTC Expo nei de Verlaatsbrêge en stappe dan op 'e boat. Dêrnei farre se fia de Prinsetún en de Dokkumer Ie de stêd út.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Tjeerd van Bekkum, direkteur LF2018

De gemeente advisearret om it iepenbier ferfier te nimmen. It advys is om de auto by de treinstasjons yn de omkriten te setten en dêr it iepenbier ferfier te nimmen. Wa't op de fyts komt moat der rekken mei hâlde dat der yn de omkriten fan de rûte net fytst wurde mei. Ek wurde parkearre fytsen dy't yn paad stean fuort helle.

Gjin treinen Meppel - Zwolle

Reizgers dy't mei de trein komme, moatte njonken de drokte ek rekken hâlde mei ekstra fertraging. De NS meldt dat der tusken Meppel en Zwolle op it stuit gjin treinen ride. Dat komt troch in defekte boppelieding. Nei alle gedachten duorret it oant 18.00 oere foardat de problemen oplost binne.

Trefwurden: 
Ljouwert ferkear De Reuzen
(advertinsje)