Junior Freark Kramer oer de 20 meter

Fierljepper Freark Kramer hat ek de twadde wedstriid van de nasjonale kompetysje wûn. Woansdeitejûn ljepte er it fierst mei 19.94 (in pr) yn Linschoten, sneontejûn wie er de bêste by de junioaren op syn thúsbarte fan It Heidenskip. Kramer sprong foar de earste kear yn in offisjele wedstriid oer de 20 meter: 20.04.
Freark Kramer © Martin de Jong
By de senioaren wie woandei de oermacht fan de Hollânske ljeppers hiel grut. De earste Fries, Oane Galama, waard doe sânde. Jaco de Groot wûn mei 21.81. De Groot wie net nei Fryslân ôfreizge, mar de winst gong lykwols wer nei Hollân. Erwin Timmerarends wie de bêste mei 20.20. Nard Brandsma waard twadde mei 20.06. Nei de Hollanners Ricardo Faaij (19.84) en Rian Baas (18.97), waard Ysbrand Galama fiifde mei 18.70.
Nard Brandsma © Martin de Jong
De winst by de froulju gong nei Sigrid Bokma mei 14.71. Anneke Broersma waard twadde (14.43). De Hollânske ljepster Dymphie Baas-van Rooijen waard tredde mei 14.38. Frysk kampioene Bente Vlas wie by de famkes mei 15.15 alle froulike dielnimmers de baas. Femke Rispens kaam mei 14.71 op it twadde plak.
By de jonges gongen de moaiste prizen nei Hollân. Timon de Haay ljepte mei 18.60 nei in persoanlik rekôr. Reinier Overbeek waard twadde mei 18.55, foar de earste Fries Rutger Haanstra mei 17.56.
De nasjonale kompetysje bestiet út fjouwer wedstriden. Op woansdei 22 augustus wurdt der ljept yn Grypstsjerk en op sneon 25 augustus yn Polsbroekerdam. Dizze kompetysje is ek it seleksjemomint foar de Nederlânske kampioenskippen op sneon 1 septimber yn Burgum.