LIVEBLOG: De finaledei fan De Reuzen

19 aug 2018 - 18:01

De dûker, it famke en de hûn binne sneontejûn by elkoar kommen en ha de nacht trochbrocht by it WTC yn Ljouwert. Hjoed begjinne se om 14.30 oere mei har lêste tocht troch de stêd. Dy giet fia de Tesselschadestraat oer it wetter lâns de Prinsetún. Yn dit liveblog sjochst de meast opfallende berjochten fan social media en oare nijsgjirrige berjochten.

20:25
Ein fan de liveblog

Lykas foar de reuzen komt der ek in ein oan ús reuzeaventoer. Dankewol foar al jim berjochtjes en reaksjes. Moarn fansels mear reaksjes op û.o. de radio en hjir online yn de Omrop-app of ús website. Au revoir, oant sjen!

19:18
Update treinferkear: de hiele jûn pindeltsjinst tusken Ljouwert en Meppel

De NS lit witte dat der de hiele jûn beheind treinferkear bliuwe sil en dat se mei in saneamde pindeltsjinst ride. Dat betsjut dat der mar ien treinstel tusken Ljouwert en Meppel ride sil.

19:09
De besikerssifers fan de ôfrûne dagen

Freed: 95.000

Sneon: 150.00 - 160.000

Snein: 175.00 neffens boargemaster Ferd Crone

19:06
Bylden fan de drokte op it stasjon fan Ljouwert. It wachtsjen is op it opstarten fan it ferfangend ferfier.

Grutte problemen treinferkear: kom net nei stasjon Ljouwert

18:35
Problemen op de parkearterreinen

Fia de Omrop-app krije we berjochten binnen oer de grutte drokte op it parkearterrein. Minsken freegje harren ôf hoe't it kin dat dit net better regele is. Guon stean al mear as in oere fêst.

Ien kear op wei kin it ferkear goed trochstreame. Der binne gjin grutte opstoppings op de tagongswegen.

18:18
LF2018-direkteur Tjeerd van Bekkum: "De sfeer die wij kunnen neerzetten, straalt verder dan wij denken."

LF2018-direkteur Tjeerd van Bekkum oer it ôfrûne wykein

Trefwurden: 
LF2018 reuzen Royal de Luxe
(Advertinsje)
(Advertinsje)