Oenema wint ek kilometer

05 nov 2011 - 14:45

Thijsje Oenema fan De Jouwer belibbet in fantastysk Nederlânsk kampioenskip ôfstannen yn Thialf. Sy pakte de titel op de 500 meter en die dat ferrassend genôch ek op de 1000 meter. De winnende tiid wie 1.16.53. Marrit Leenstra waard twadde yn 1.16.79. Ireen Wüst pakte it tredde plak yn 1.16.88. Margot Boer waard fjirde en Laurine van Riessen fyfde op it iis fan Thialf.

(advertinsje)
(advertinsje)