Pizza en triennen foar Maarten by syn trochkomst yn Boalsert

19 aug 2018 - 12:45

Maarten van der Weijden hat ûnderweis nei Boalsert oan de pizza west. Om in oere as tolve hinne sneintemiddei stimpele er ôf yn de sânde stêd op de rûte. Krekt dêrfoar krige er by in brêge in pizza funghi oanrikt, dy't er earder besteld hie. Dy waard him brocht neidat syn begeliedingsteam fia social media dêr om frege hiene. "Maarten heeft honger en als Maarten honger heeft dan heeft hij grote honger." Syn frou wie yn triennen fanwege it entûsjaste publyk dat manmachtich oan de kant stie.

De trochkomst fan Van der Weijden yn it sintrum fan Boalsert - Foto: Omrop Fryslân, Marcel Huisman

Van der Weijden hat yntusken hûndert kilometer swommen en hat der dus noch hûndert te gean. Net allinne yn de stêden mar ek ûnderweis steane kloften minsken oan de kant om him oan te moedigjen.

De folgjende halte is Harns, dêr't er tsjin fiven ferwachte wurdt. Folgje syn tocht.

Oprop

De organisaasje Boer Bewust hat op Twitter boeren oproppen om Maarten de kommende nacht te stypjen as er troch 'de hel fan it noarden' swimme moat. "Jullie kunnen Maarten ondersteunen door met je tractor licht te schijnen in de duisternis."

It begeliedingsteam is wiis mei dizze aksje, mar freget wol om yn de rjochting fan Dokkum te skinen sadat se Maarten net ferbline.

(advertinsje)
(advertinsje)