IFKS-silerij yn A-klasse by Starum giet oer fanwege hurde wyn

19 aug 2018 - 12:24

De wedstriid fan de A-klasse fan de IFKS snein by Starum giet net troch. Fanwege de hurde wyn en benammen de weagen op de Iselmar is besletten om net fan start te gean. Boppedat hellet de wyn ek noch mear oan. De wedstriid wurdt woansdei ynhelle yn Ychtenbrêge.

Neffens wedstriidlieder Saskia Westerhof wie it net in maklik beslút, "maar wel een wijs besluit." By it palaver hie se de mieningen fan de skippers al wat peild en dy wienen doe ferdield. "Sommigen wilden wel zeilen en anderen niet." Doe't de wyn yn de rin fan de dei lykwols oanhelle, wie it dúdlik dat it net feilich foar de skippers wie om te silen.

Foto: Omrop Fryslân

Earder wie de wedstriid yn de lytse A-klasse al ôfsein. De C-klasse is sneintemoarn betiid wol start, mar ien skûtsje sloech om en guon oare skippers hâlden har skûtsje oan de wâl.

De B-klasse is wol fan start gien, mar earder ophâlden.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze Alle de Vries

Primeur

It wie foar it earst yn de skiednis fan de IFKS dat op snein syld is. De skippers ha besletten om fan de eardere rêstdei in wedstriiddei te meitsjen om't der dan mear mooglikheden binne om ôfseine wedstriden om yn te heljen. Oars hienen de skippers al nei ien wedstriiddei in rêstdei. Woansdei is no de rêstdei en dus de ynheldei.

Trefwurden: 
Starum IFKS hurde wyn
(advertinsje)