"Gemeente moat mear minsken nei Caparis stjoere"

De gemeente Hearrenfean moat minsken mei in útkearing of dy't om in oare reden dreech in baan krije kinne, oan it wurk helpe by wurkfoarsjenning Caparis. Dat fynt de riedsfraksje fan de FNP.
Caparis © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Algemien direkteur Alex Bonnema fan Caparis hat sein dat it bedriuw mear wurk hat as dat se mei de eigen minsken oan kinne. Der wurde op it stuit útstjoerkrêften ynset en dat is net de bedoeling, seit Bonnema, want dêr is Caparis net foar.
"In de kaartenbakken van onze acht aandeelhoudende gemeenten zitten meer dan tienduizend mensen die wel willen werken maar de kans niet krijgen." Neffens Bonnema kriget Caparis op fragen om geskikte minsken gjin positive reaksjes. Hy ropt gemeenten dêrom op om mear minsken nei de wurkfoarsjenning te stjoeren.
De FNP hat de oprop heard en freget it kolleezje fan B. en W. om dêr wurk fan te meitsjen.