De Reuzen fan Royal de Luxe komme noch ien kear yn aksje
De Reuzen fan Royal de Luxe komme sneintemiddei noch ien kear yn aksje. De dûker, it famke en de hûn binne sneontejûn by elkoar kommen en ha de nacht trochbrocht by it WTC yn Ljouwert. Dêrwei begjinne se om 14.30 oere mei har lêste tocht troch de stêd.
Ferfier
Arriva riedt minsken oan om net fuortendaliks nei ôfrin ôf te setten, mar de tiid te nimmen, sadat it allegear wer wat spraat wurdt.
It ferfiersbedriuw meldt dat it sneon goed gien is mei it ferfier fan minsken dy't yn Ljouwert de reuzen sjen woene. Neffens Arriva binne tûzenen minsken mei treinen en pindelbussen nei it sintrum brocht. En dat ferrint allegear flot, seit it bedriuw.
Nei ôfrin fan de foarstelling sneontejûn bleaune in soad minsken fanwege de gesellige sfear langer hingjen yn de stêd, sadat de stream reizgers him ferspriede koe. Dat soarge derfoar dat de weromreis foar elk sûnder problemen ferrûn.

LF 2018
Omrop Fryslân jout rom omtinken oan Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa. Yn 'e foarm fan reportaazjes, nijsartikelen en resinsjes. Alles wurdt sammele op Omropfryslan.nl/2018.
De Kulturele Haadstêd-produksjes binne mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân.