Hurde wyn op Iselmar: lytse A-klasse sylt snein net

De IFKS sylt snein by Starum op de Iselmar, mar fanwege de hurde wyn en benammen de weagen is de wedstriid yn de lytse A-klasse snein ôfsein. De C-klasse is sneintemoarn betiid wol start, mar ien skûtsje sloech om en guon oare skippers hâlden har skûtsje oan de wâl.
De B-klasse is wol fan start gien en foarearst giet de A-klasse ek noch wol troch.
© Omrop Fryslân
It is in primeur dat de float op dizze eardere rêstdei sylt. Dat is dien om mear mooglikheden te hawwen om wedstriden ynhelje te kinnen.