Liesette Bruinsma wint foar fjirde kear goud op EK yn Dublin

19 aug 2018 - 08:47

Liesette Bruinsma út Wommels hat sneon wer goud wûn op it EK para-swimmen yn Dublin. Yn in nij wrâldrekôr op de 100 meter frij wie se de rapste mei in tiid fan 1.05.14. It âlde wrâldrekôr, dat ek op har namme stie, wie fan twa jier lyn: 1.05.81.

Foto: ANP

Earder wûn de 17-jierrige ek al trije gouden medaljes op it EK. Op snein wurdt de 100 meter flinterslach noch swommen, dat is de lêste ôfstân op it toernoai. Dy swimt se ek.

(advertinsje)
(advertinsje)