Grachtzwemmen by Admiraliteitsdagen is alternatyf foar meiswimmers yn Dokkum

Dokkum biedt de meiswimmers fan de swimalvestêdetocht fan Maarten van der Weijden in alternatyf no't se troch baktearjes net mear meiswimme kinne. Se kinne sûnder ynskriuwkosten meidwaan oan it Grachtzwemmen dat snein 9 septimber by de Admiraliteitsdagen hâlden wurdt. Goed 150 minsken hienen har opjûn foar de Cityswim.
© Rotary Dokkum
Nei alle gedachten komt er moandeitemoarn om healwei achten hinne yn Dokkum oan. It programma by de trochkomst fan Maarten van der Weijden giet wol troch, mar begjint in oere earder, om 6.30 oere. Der binne tal fan sprekkers en der is muzyk.
It Grachtzwemmen wurdt alle jierren dien, der binne twa ôfstannen: 500 meter troch it Grutdjip en 1.852 meter troch it noardlik part fan de bolwurken.