Maarten swimt noch altyd, hy hat de earste, swiere nacht hân

19 aug 2018 - 07:37

Maarten van der Weijden (37 jier) hat syn earste nacht derop sitten yn syn meunstertocht om by de alve Fryske stêden del te swimmen. Op tal fan plakken stienen oerdeis in soad entûsjaste minsken oan de kant om him oan te moedigjen, lykas yn Sleat, dêr't ek minsken meiswommen. Ek yn Starum, sneontejûn, stie it grôtfol mei minsken.

It wie wol in swiere nacht. Om 5.00 oere waard it berjocht op de Facebookside fan de Maarten van der Weijden foundation pleatst dat it net hiel goed mei him gie op dat stuit. "Hij heeft erge spierpijn en een mijmerende brein daarover. Het vooruitzicht dat hij met deze pijn nog 40 uur door moet, stemt hem somber. We kletsen nog gewoon ff lekker met hem. Even rust voor Maarten."

Foto: Maarten van der Weijden foundation

Hy hat twa kear in sliepskoft hân. Om 7.00 is de Olympysk swimkampioen wer oan it swimmen gien. Tsjin achten is er yn Warkum oankaam. Hy is no ûnderweis nei Boalsert, dêr't er om it middeisoere hinne ferwachte wurdt. Yn Tsjerkwert, flak foar Boalsert, hie er flink de gong deryn.

Foto: CAMJO Media
Foto: Maarten van der Weijden foundation

Nei Starum sneontejûn kaam Maarten om 2.00 oere hinne yn Hylpen oan, in healoere achter op skema. Dêr stienen ek minsken op de brêgen om him oan te moedigjen. Mei syn tocht hellet er jild op foar KWF Kankerbestrijding.

De finish is pland moandeitejûn yn Ljouwert.

Syn tocht is te folgjen fia in 360 graden livestream.

(advertinsje)