Auto swier skansearre nei botsing op N381 by Wynjewâld

18 aug 2018 - 21:31

Op de N381 by Wynjewâld is sneontejûn in auto fan de dyk rekke. De bestjoerder rekke troch ûnbekende oarsaak fan 'e dyk en botste tsjin de fangrail. Personiel fan de ambulânse hat de man ûndersocht, mar hy rekke net ferwûne by it iensidige ûngelok.

De plysje hat in part fan de dyk in skoft ôfsletten. In berger hat de swier skansearre auto fuortsleept.

Foto: Srfotografie
Trefwurden: 
ûngelok N381 Wynjewâld
(advertinsje)
(advertinsje)