Maarten van der Weijden op koers, bliid mei alle stipe

18 aug 2018 - 20:01

Swimmer Maarten van der Weijden is bliid en ferrast oer it grutte oantal taskôgers dat him oanmoediget by syn alvestêdeswimtocht. Op alle plakken dêr't Van der Weijden swimt, stiet it publyk yn meardere rigen.

Foto: CAMJO Media

De swimmer hat ek profyt fan de oanmoedigingen. Yn 'e doarpen swimt er 4,5 kilometer yn 'e oere, op 'e oare stikken giet er in heale kilometer stadiger, seit syn wurdfierder. ''Hij is ontzettend blij met de aandacht. Hij krijgt het echt ook allemaal mee. Hij zegt weinig, maar dat betekent dat zijn kop goed staat.''

Oer in kwart

Ek fysyk giet it goed mei de âld-Olympysk kampioen. ''Zijn tempo is prima, het lichaam op de juiste temperatuur.'' Om 19.30 oere hinne swom er yn 'e Alde Karre. Hy hat dêrmei mear as in kwart fan de 200 kilometer derop sitten.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De swimmer wol sneontejûn om 23.00 oere yn Starum oankomme. Dêrnei sil er de hiele nacht trochswimme. As it tsjuster wurdt, krijt Van der Weijden in lampe om, sadat de begelieders him net út it each ferlieze.

De twa nachten binne it swierst. ''Hij krijgt dan hallucinaties. Daarom vaart er dan vlak voor hem een boot met een verlichte klok om hem te helpen in het hier en nu blijven." As de swimmer echt wat sliep nedich hat, kin hy dat dwaan op in spesjaal wetterbêd.

Foto: Kappers Media

De twadde nacht wurdt hiel dreech foar de swimmer. ''Dan zwemt hij de Hel van het Noorden, dat stuk tussen Franeker en Dokkum is erg verlaten. We hopen daarom dat er net als vandaag toch weer drommen mensen komen. Bijvoorbeeld boeren die met hun tractor die licht schijnen, of auto's met brandende koplampen op de kant.''

Oankomst Ljouwert

As it goed is, komt Maarten van der Weijden moandei om 19.00 oere oan yn Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)