Reuzen lûke op sneon mear as 150.000 besikers nei Ljouwert

18 aug 2018 - 18:34

De Reuzen fan Royal de Luxe yn Ljouwert hawwe op sneon mear as 150.000 besikers lutsen. Dat is de skatting fan de gemeente. Hoewol't der gjin eksakte sifers jûn wurde kinne, skat de gemeente it tal tusken de 150.000 en 160.000. Dat binne flink mear besikers as by de iepening op freed; doe kamen der sa'n 95.000 minsken nei Ljouwert.

Snein is de lêste dei dat de Reuzen fan it Frânske teäterselskip yn Ljouwert omstappe.

(advertinsje)
(advertinsje)