Swimbaden snein iepen foar meiswimmers Van der Weijden

18 aug 2018 - 17:24

De swimbaden fan Wommels, Wytmarsum en Boalsert binne sneintemoarn fan njoggen oere ôf iepen foar de minsken dy't yn Boalsert meiswimme soene by de City Swim om Maarten van der Weijden te stypjen. Om't it swimwetter besmet is mei in baktearje en blau-alch meie de swimmers net yn it iepen wetter swimme fan it Wetterskip en de GGD.

Yn it Laco Bosbad yn Appelskea swom sneontemoarn in groep fan learlingen en begelieders fan it Zuidwesthoek College út Ossendrecht al baantsjes. Laco hat it bad fergees beskikber steld. Swimbad de Blauwe Golf yn Ljouwert is sneintejûn fergees iepen foar dielnimmers fan de cityswim mei in jildige kaart.

(advertinsje)