Skûtsje Grutte Pier fan Jorwert wint earste wedstriid IFKS

18 aug 2018 - 16:08

It skûtsje Grutte Pier fan skipper Lucas Bouma fan Jorwert hat sneontemiddei de earste wedstriid fan de IFKS wûn. Op de Iselmar by Hylpen bleaune Bouma en bemanning de nûmer twa, it skûtsje Striidber fan Drylts, foar.

It tredde plak by de earste wedstriid fan de Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen gie yn earste ynstânsje nei skipper Fonger Talsma fan De Jonge Jan út Warten. De Jonge Jan ferlear lykwols in protest en sakket mei 17 punten werom yn it klassemint. De Wylde Wytse fan Sikke Heerschop pakte dêrmei it tredde plak by Hylpen.

Strafpunten

Njonken de straf foar De Jonge Jan krige ek skipper Sietse Broersma fan Ora et Labora strafpunten oan 'e broek. Hy soe syn bemanningslist net ynlevere ha, wat sûnt dit jier ferplichte is. Neffens Broersma hat er dat lykwols wol dien en sil er kontakt hawwe mei de wedstriidlieding.

It skûtsje De Zes Gebroeders fan Klaas Kuperus koe net fan start gean fanwegen averij oan it swurd. Dêrtroch hat ek dat skûtsje in straf fan 17 punten krigen.

Winnende skûtsje

Doe't it winnende skûtsje op it earste plak sylde, gie it efkes mis. De fok fan it skip fan Lucas Bouma skeat los. Nettjinsteande dat momintsje koe it skûtsje Grutte Pier dochs noch de oerwinning op it wetter by Hylpen pakke.

''Dit fine de jonges it moaiste'', seit in blide skipper Lucas Bouma. ''Licht waar, dêr kinne se net oer! Op sa'n dei as dizze moasten wy it sjen litte, gelokkich doch ik it al wat langer as hjoed.''

Online stjoert Omrop Fryslân it skûtsjesilen live út, mei op de radio kommentaar fan Andor Faber en Gjalt de Jong en op de livestream dogge Koos Wieling en Eelke Dykstra dat. Yn Fryslân Hjoed is jûns in analyze fan de wedstriid te sjen. En om 21.00 oere is der in wiidweidich ferslach op TV.

Trefwurden: 
skûtsjesilen IFKS Hylpen
(advertinsje)
(advertinsje)