Meiswimmers yn Sleat, Van der Weijden begroetet famylje

18 aug 2018 - 13:53

It team 'Snobsk64' fan Sleat is sneon dochs it wetter ynsprongen om Maarten van der Weijden te stypjen. It Wetterskip en GGD hawwe in negatyf swimadvys ôfjûn, mar dêr lûke de dielnimmers yn Sleat har neat fan oan. It team hat al hast trettjintûzen euro bymekoar helle.

Team Snobsk zet 'm opsk. Moarn oan de diarree mar foar KWF genôch yn de portomonnee

Spandoek boppe it swimwetter yn Sleat

Ien fan de dielnimmers fertelde earder dizze wike al har ferhaal oan Omrop Fryslân. Trea Leegstra krige yn 2013 de diagnoaze boarstkanker. Doe't se hearde fan it inisjatyf fan Maarten van der Weijden, wist se it fuortendaliks: ik doch mei. "De striid tsjin kanker is noch lang net foarby", fertelt Leegstra. Har man en bern dogge ek mei. "It is in perioade dy't we mei inoar ôfslute", seit se. "Ek is dizze alvestêdetocht der mar ien kear. Dêr moatte je by wêze", seit se.

Trea Leegstra en har soan yn Sleat - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
(advertinsje)