LIVE: Folgje de earste wedstriid fan de IFKS

18 aug 2018 - 13:30

De IFKS, Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen, begjint sneon mei in wedstriid by Hylpen. De fjouwer klassen stride op it wetter fan de Iselmar.

Foto: Omrop Fryslân

Kânshawwers op de oerwinning binne fansels de winner fan ferline jier, de Emanuel fan skipper Merijn Olsthoorn. De bemanning bestiet út studinten út Amsterdam en dêr ha wol wat wikselingen west, dus mooglik hat dat ynfloed. Ek It Swarte Wief fan skipper Jaap Hofstee einige wol faker as twadde, mar wol no wolris kampioen wurde.

Ek moat rekken hâlde wurde mei outsiders lykas De Zes Gebroeders út Makkum, Tony Brundel mei de Lytse Lies is in rûtinier mar de 24-jierrige Fonger Talsma dy't it helmhout fan syn heit Jelle oernommen hat, is ambisjeus. Earder al promovearre er fan de C nei de B-klasse en fan de B nei de grutte A-klasse dêr't er sneon dus syn debút makket.

De grutte A-klasse begjint 14.30 oere. Dêrfoar sile de skûtsjes yn de lytse A, B en C-klasse.

Online stjoert Omrop Fryslân it skûtsjesilen live út, mei op de radio kommentaar fan Andor Faber en Gjalt de Jong en op de livestream dogge Koos Wieling en Eelke Dykstra dat. Yn Fryslân Hjoed is jûns in analyze fan de wedstriid te sjen. En om 21.00 oere is der in wiidweidich ferslach op TV.

Trefwurden: 
skûtsjesilen IFKS Hylpen
(advertinsje)
(advertinsje)